Bibliotheek service Fryslan Ontdekdebieb.nl

   


A A A

Rymposters fan It Fryske Berne en wurk fan Yke Reeder

 

 

EKSPOSYSJE
 
 
 
 

 

 

Rymposters fan It Fryske Berne

 

Boek 1997 – 2009

 

&

 

wurk fan Yke Reeder,

 

Yllustrator fan de 13e Rymposter

 

 

Utstalling fan 13 Rymposters fan Stichting It Fryske Berne Boek
En de cd ‘Smûzje’, útjûn by de 13e Rymposter.
 
Alle jierren krije in dichter en in yllustrator de opdracht fan It Fryske Berne Boek om in Rymposter te meitsjen nei oanlieding fan it tema fan de Nationale Kinderboekenweek en de Fryske Berneboeketiid.
Yn de rûmten fan de BSF fine jo alle trettjin Rymposters dy’t oant no ta publisearre binne.
 
Yn 2009 is it tema: Om ’e tafel, ite en snobje yn berneboeken.
De tekst foar dizze Rymposter is troch bern fan fiif basisskoallen yn Fryslân makke, ûnder lieding fan it muzikale duo Nanne en Ankie.
De poster is tekene troch Yke Reeder.
Omdat It Fryske Boek 75 jier bestiet yn 2009 is der foar dizze gelegenheid ek in cd útbrocht, dy’t hjirby oanslút.
Dêrom keazen Nanne en Ankie foar de titel Smûzje foar de rymposter-cd, dat ‘smullen’ betsjut.
 
By de cd sit in tekstboekje. It tekstboekje is ek yllustrearre troch Yke Reeder.
De tekst fan de nije rymposter is net op de cd opnaam, de meldij stiet der wol op.
As de basisskoallen yn septimber de Rymposter fan 2009 krije, kinne se sels de tekst meisjonge.
 
De cd is útjun mei stipe fan de Stichting Lezen en it VSB-fûns.

Rymposters, útjûn troch IFBB
 
  • 1997: Jac. Smink en Karin Poeisz – De tiidmasine
  • 1998: Eppie Dam en Babs Wijnstra – De tiden fan it jier
  • 1999: Tiny Mulder en Jaap de Vries - moderne sintsprint
  • 2000: Berber van der Geest en Laura Lava – In bist is in bist
  • 2001: Jelle Bangma en Carla van der Heide - Hûndert hobby's
  • 2002: Jurjen van der Meer en Marijke Klompmaker - Ay ay kapitein
  • 2003: Baukje Wytsma en Helena de Boer – Labyrint
  • 2004: Geartsje Douma en Sylvia van Ommen – It skoalorkest (muzyk: Geartsje Douma)
  • 2005: Lida Dykstra en Linda de Haan – Sabeareheks (muzyk: Nanne en Ankie)
  • 2006: Anny de Jong en Ingrid van der Kallen – Lit my mar rinne (muzyk: Nanne en Ankie)
  • 2007: Auck Peanstra en Reinier Knol – Geheim (muzyk: Nanne en Ankie)
  • 2008: Arjan Hut en Misja Sirag – Streken (muzyk: Hedser Tijtsma)
  • 2009: ferskate basisskoallebern – Smûzje (muzyk: Nan’ en Ankie)

 

 

 

 

 

 
 

COPYRIGHT 2010